Fleantúchbom op Skylge

26 jan 2007 - 17:27

By sloopwurksumheden by de eardere diskoteek Actania yn Midslân op Skylge is freed in fleantúchbom oantroffen. De bom is 250 pûn swier.

Meiwurkers fan de Explosieven Opruimingsdienst, de EOD, binne om fiif oere hinne op it eilân kaam om de sitewaasje te besjen. Ut foarsoarch binne sa'n 20 minsken yn de direkte omjouwing evakuearre. Se binne ûnderbrocht yn in hotel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)