Fleantúch yn greide Earnewâld

04 sep 2010 - 21:11
  • It fleantúch. De fleugels binne der ôfhelle foar transport.

By Earnewâld hat in ultralight fleantúch sneontejûn út foarsoarch in lâning makke yn in stik greide. It fleantúch mei deryn twa minsken kaam krekt werom fan in reis nei it Dútske waadeilân Borkum en wie ûnderweis nei Drachten.

Boppe de Alde Feanen begûn de motor te stammerjen. Om't de piloat gjin risiko's nimme woe hat er it tastel fuortendaliks oan de grûn set. Beide ynsitters hiene neat. Ek it fleantúch rekke net skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)