Fleantúch delstoart yn Ljouwert

02 maaie 2002 - 00:00

Op de fleanbasis yn Ljouwert is tongersdei in Italjaanske Starfighter delkaam. Nei 20 minuten is de piloat befrijd. Hy is mei rêchletsel yn it sikehûs opnaam.

Troch de crash is it tastel yn twaen brutsen. Der wurdt ûndersocht wêrom't de sjitstoel it net die. It tastel wie mei trije oaren fanút België ûnderweis nei in oefening boppe see. Se soene in tankstop meitsje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)