Fleanfjild siket brânwachten

16 okt 2014 - 12:35

It is in bekend probleem foar in soad ferienings: in gebrek oan frijwilligers. Ek de Stichting Vliegveld Drachten hat dêrmei te krijen. De stichting siket nije brânbestriders. Der binne nije minsken nedich om der foar te soargjen dat it fleanfjild yn Drachten iepen bliuwe kin.

Der moatte op it fleanfjild nammentlik altyd twa minsken oanwêzich wêze dy't it sertifikaat 'Vliegtuigbrandbestrijding kleine luchtvaart' hawwe. Nije frijwilligers kinne fia in kursus op fleanfjild Eelde oan dat sertifikaat komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)