Fleanende Fries oppermachtich

31 jul 2013 - 16:33
  • De Sneker Pan yn aksje

It skûtsje fan Snits wie woansdei opnij oppermachtich yn Lemmer. Op it wetter fan de Lemsterbaai liet de Sneker Pan der gjin misferstân oer bestean wa't dit jier de bêste is. Fan begjin ôf oan pakte skipper Douwe Visser de lieding en wie de Fleanende Fries net mear yn te heljen. Twadde waard De Jouwer, folge troch Boalsert.

De útslach op De Lemmer:
1. Snits, 2. De Jouwer, 3. Boalsert, 4. Earnewâld, 5. Grou, 6. De Lemmer, 7. It Hearrenfean, 8. Wâldsein, 9. Drachten, 10. Langwar, 11. Súdwesthoeke, 12. Heale Moanne, 13. Ljouwert, 14. Huzum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)