Fleane nei Londen fia Eelde

03 apr 2014 - 11:19

Airport Eelde krijt wer in fleanferbining mei Londen. De Stobart Group sil ûnder de flagge fan Flybe in ferbining opsette tusken Eelde en it Londenske fleanfjild Southend. It is de bedoeling dat der seis kear yn de wike in flucht dien wurdt. Allinnich op sneon wurdt net flein nei Londen.

Yn ien dei hinne en werom nei Londen is dus net mooglik. Flybe set lytse fleantugen mei in maksimum fan 72 sitplakken yn op de rûte. In retoerkaartsje kostet goed 48 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)