Fleanbasisfanfare noch 7 leden

22 nov 2007 - 11:43
  • Troch bûtenlânske missys is it lestich om militêren te krijen foar de fanfare

De drumfanfare fan 'e Fleanbasis Ljouwert wurdt mooglik opheft. De band hat noch mar sân leden en dat is te min om fatsoenlike optredens te jaan. De band waard yn 1996 oprjochte. Se spylje by bysûndere eveneminten en seremonyen dy't op 'e fleanbasis plakfine.

Troch besunigings op definsje, mar ek troch bûtenlânske missys wurdt it hieltyd dreger om genôch militêren te krijen foar de fanfare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)