Fleanbasis sletten foar publyk

07 mrt 2001 - 00:00

De fleanbasis yn Ljouwert is woansdei sletten foar publyk. It ministearje fan Definsje wol sa besmetting fan tongblier foarkomme. Ekskurzjes kinne earst net trochgean.

Der binne ek in tal gedrachsregels ynsteld. Sa meie militêren net mear yn kontakt komme mei bisten en meie se gjin itensresten fuortsmite. Op it terrein fan de basis libje sa'n 10 herten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)