Fleanbasis mooglik dochs ticht

17 apr 2012 - 12:21
  • Strielfleanmasine

De fleanbasis yn Ljouwert moat yn de takomst mooglik dochs ticht. Minister Hillen fan Definsje seit tiisdei by radiostjoerder BNR dat mooglik ien of twa fleanbases yn Nederlân slute. Hillen wol dat de Benelux yn de takomst yntinsyf gearwurket. Dêrtroch kin Definsje besunigje.

It is noch hielendal net dúdlik wat de gefolgen foar Ljouwert binne. Dêr binne se dizze dagen mei hiel oare saken dwaande: Frisian Flag, ien fan de grutste militêre fleanoefeningen yn de wrâld. Frisian Flag duorret noch oant en mei 27 april.

Der dogge goed 50 fleantugen en mear as 1000 militêren oan mei. Dy komme út hiel Europa en Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)