Fleanbasis moat marters gewurde litte

29 apr 2015 - 15:47
  • Yngong fleanbasis Ljouwert

De fleanbasis yn Ljouwert mei foarearst neat mear dwaan om marters op it terrein te bestriden of dea te meitsjen. Dat hat de rjochtbank besletten. Definsje hat ferline jier in soad lêst hân fan de bisten. De bisten soargen foar skea oan gebouwen en pissen op de F-16's en de lâningsbaan. Definsje hie dêrom in ûntheffing om de bisten fuort te jeien of sels te deadzjen.

Mar dizze ûntheffing wie net terjochte, fynt de rjochtbank no. Definsje kin de fleanbasis better 'marterproef' meitsje, ornearret de rjochtbank.

Neffens in wurdfierdster fan de basis soe it ek 'net te dwaan' wêze om marters út alle gebouwen te hâlden. Definsje leit him foarearst mar del by it beslút fan de rjochter, omdat de marters op dit stuit gjin probleem binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)