'Fleanbasis hoecht net ticht'

12 nov 2007 - 23:35

It personiel fan de fleanbasis Ljouwert hoecht net benaud te wêzen dat de PvdA yn de twadde keamer oanstjoert op it sluten fan de basis. Dat seit twadde keamerlid Angeline Eijskens. De besunigingsplannen foar definsje dy't de partij ferline wike presentearre soargen foar nochal wat ûnrest yn Ljouwert.

Neffens de PvdA stiet der noch neat fêst en wolle se earst noch mei minsken út it fjild yn petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)