Fleanbasis hâldt enkête

22 aug 2003 - 00:00

Omwenjenden fan de fleanbasis Ljouwert wurdt frege nei harren miening oer it fleanfjild. Guon minsken krije persoanlik besite fan in ûndersiker. Ferline jier waarden al 550 omwenjenden ûnderfrege. De útkomsten fan dy enkête wurde meinommen yn it ûndersyk dat yn desimber klear wêze moat.

De lieding fan de fleanbasis sil mei de útkomsten fan it ûndersyk rekken hâlde. It tal fleanoeren wurdt lykwols net werombrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)