Fleanbasis bliuwt selsstannich

25 okt 2013 - 14:12
  • Boargemaster Crone fan Ljouwert

De fleanbasis Ljouwert wurdt gjin dependânse fan Volkel. Dat lit minister Hennis-Plasschaert freed yn in brief oan de Twadde Keamer witte. Ljouwert bliuwt dêrmei in selsstannige fleanbasis.

Oare besunigingsmaatregels by definsje wurde ek skrast. It beslút hat in posityf effekt op de wurkgelegenheid. Mei-inoar ferdwine no 1400 arbeidsplakken minder by definsje. Yn stee fan 2400, wurde no 1000 wurkplakken skrast.

Boargemaster Ferd Crone is bliid dat de fleanbasis Ljouwert dochs in selstannige basis bliuwt. Yn septimber makke de definsjeminister noch bekend dat Ljouwert fanwege miljoenebesunigings in dependânse fan fleanbasis Volkel wurde soe. Ut Ljouwert kaam in stevige lobby op gong om dit beslút te kearen. Benammen ek om de wurkgelegenheid dy't de basis opsmyt te behâlden. It giet rûchwei om sa'n 250 banen, seit Crone.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)