Fleanbasis: 180 fakatueres

30 mrt 2002 - 00:00

De Keninklike Luchtmacht hat grut ferlet fan nije minsken. Om dy te krijen is der fan nije wike ôf in wervingsspotsje te sjen yn bioskopen en op de televyzje. Dat spotsje is opnommen op de fleanbasis Ljouwert. Op dit stuit wurkje der 13.000 minsken by de Luchtmacht. Op 'e Ljouwerter fleanbasis is plak foar 180 nije meiwurkers, yn in grut ferskaat oan funksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)