FLD wol útlis deputearre Bijman

21 nov 2000 - 18:19

De Feriening Lytse Doarpen Fryslân(FLD) wol dúdlikheid ha oer de útspraak fan deputearre Bijman. Dy sei freed dat de FLD mooglik fusearje moat mei Stichting Doarpshuzen en Doarp en Bedriuw Fryslân.

Der is al geregeld oerlis tusken de trije plattelânsûntwikkelingsorganisaasjes seit de foarsitter fan de FLD. Neffens har lizze de doelstellingen te fier út elkoar om ta in fúzje te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)