Flatwente yn Ljouwert útbaarnd

11 jan 2010 - 14:15

In flat oan 'e Mondriaanstrjitte yn Ljouwert is moandei útbaarnd. De brân begûn yn 'e keuken, nei alle gedachten nei't in fleske molke yn 'e magnetron set wie om op te waarmjen. Doe't de brânwacht oankaam, stie de keuken yn ljochte lôge. De flatwenten dêrneist en dêrboppe hiene lichte reekskea.

Yn 'e flat wenne in gesin mei acht persoanen. De heit mei twa bern wiene thús. Se koene der op 'e tiid útkomme. Der rekke nimmen ferwûne. Der is al in oare wenning foar it gesin regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)