Flaters yn boek Cambuur

14 apr 2010 - 12:39

De publikaasje fan it boek 'De slapende reus ontwaakt' giet net troch. It boek oer Cambuur is útsteld om't der in soad flaters yn de earste printinge steane.

Neffens útjouwer Klaas Jansma is in ferkearde ferzje fan it boek by de drukker telâne kaam. Dêryn sitte flaters dy't der yn it korreksjeproses al úthelle wienen. De flaters wurde der no earst úthelle en dêrom komt it boek in tal wiken letter yn de winkel. De skea wurdt rûsd op 12.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)