Flaters ûndersyk Hearrenfean

28 nov 2013 - 18:44
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean hie genôch reden om ûndersyk te dwaan nei it lekken fan ien fan harren wethâlders. Mar by it ûndersyk binne wol in grut oantal flaters makke. Dat binne de konklúzjes fan ûndersyksburo BING nei oanlieding fan de emailaffêre by de gemeente Hearrenfean. Boargemaster Van der Zwan hat earder dizze moanne it mailferkear fan ûnder oare wethâlder Hartsuiker besjoen. It fermoeden bestie nammentlik dat Hartsuiker in mail út it kolleezje lekt hie nei syn fraksje, dy't de mail lekt hie nei de Ljouwerter Krante.

Neffens BING hie der earst besocht wurde moatten om op in minder yngripende wize ûndersyk te dwaan. Sa hiene de ûntfangers fan de mail ûnderfrege wurde kinnen. Boppedat hie it ûndersyk útfierd wurde moatten troch in ekstern buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)