Flaters by medisineferstrekking

01 jul 2004 - 10:13

By it ferstrekken fan medisinen binne ferline jier yn sikehûs MCL 175 flaters makke. Dat docht bliken út it jierferslach oer 2003. Yn totaal krige de kommisje 'melding incidenten patiëntenzorg' yn it MCL yn 2003 504 meldings binnen oer insidinten.

Yn 2002 wiene dat noch 426. Njonken de 175 flaters mei medisinen komme bygelyks ek ûngelokjes foar wêrby't in pasjint falt troch flaters fan personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)