Flaters by gemeentebelestings

05 sep 2006 - 16:41

De gemeente Weststellingwerf hat grutte flaters makke mei de belesting foar partikulieren. It giet om de ûnreplik-guodbelesting, de ôffalstoffenheffing en rioelbelesting oer de lêste trije jier. Sawat 3 oant 3,5 prosint fan 'e oanslaggen is misgien. Guon minsken hawwe sels hielendal gjin oanslach krige.

De flater kaam oan it ljocht nei in stekproef troch in ekstern buro yn opdracht fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)