Flater yn fergunning boaiemdelgong Harns en Frjentsjer

08 jan 2015 - 11:53

De fergunning foar de boaiemdelgong troch sâltwinning yn de omkriten fan Harns en Frjentsjer is trije sintimeter rommer as de kompensaasje dy't derfoar jûn wurdt. Dit betsjut dat Frisia neffens de fergunning sâlt winne mei oant in boaiemdelgong fan 30 sintimeter, wylst de kompensaasje mar oant 27 sintimeter is.

It ferskil komt trochdat der ferkearde sifers brûkt binne yn de berekkening. De belutsen gemeenten en de provinsje wolle dat Frisia him no oan de 27 sintimeter hâldt. As der mear delgong is, moat der oanfoljende kompensaasje komme.

Frisia docht no ûndersyk nei de ympakt fan it ferskil en de mooglike oplossings. De regio wurdt hjir yn maart oer bypraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)