Flater yn advertinsje Spanjer

01 mrt 2010 - 10:22
  • Maarten Spanjer makke in 'staveringsflater' yn syn advertinsje

Filmprodusint Klaas de Jong ûndernimt gjin nije stappen tsjin akteur Maarten Spanjer. Dy moast fan de rjochter in advertinsje yn De Telegraaf pleatse, omdat er De Jong net terjochte útmakke hat foar oplichter. De advertinsje stie dit wykein yn de krante, mar dêryn stiet de namme fan De Jong ferkeard.

Yn de advertinsje wurdt skreaun oer De Jonge. Klaas de Jong fynt dat lykwols net wichtich genôch om op 'e nij nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)