Flater rioeloanslach W'werf

10 mrt 2008 - 21:31

De gemeente Weststellingwerf hat by de jierlikse belestingoanslach in flater makke.

Sa'n 250 ynwenners fan de gemeente hawwe ûnrjochtlik gjin oanslach foar it rioel krigen, wylst 250 oare ynwenners, dy't net op it rioel oansluten binne, der wol ien krigen hawwe. It giet dan yn it lêste gefal om minsken yn it bûtengebiet. De flater is ûntstien troch it oergean nei in oar kompjûtersysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)