Flater mei spesifikaasjes útkearings troch foute keppeling

26 feb 2016 - 16:30
  • It gemeentekantoar fan Ljouwert

De flater mei de spesifikaasjes fan útkearings yn de gemeente Ljouwert waard feroarsake troch in ferkearde keppeling fan persoansgegevens oan berjochtboxen. Dat docht bliken út ûndersyk. De gemeente stjoerde moandei spesifikaasjes fan útkearings nei de ferkearde persoanen ta. Doe't der troch in technyske flater net genôch spesifikaasjes ferstjoerd wiene, is der besocht dit hânmjittich te werstellen. Hjirby is de keppeling fan persoansgegevens oan de boxen ferlern gien: dêr gie it dus mis.

Ekskús

Der binne yn totaal 690 spesifikaasjes by de ferkearde minsken terjochte kaam. Alle belutsen minsken krije sneon in brief fan gemeente Ljouwert mei útlis en ekskús. Oan minsken dy't foute spesifikaasjes krigen hawwe, wurdt frege om de ynformaasje út de inbox te heljen. Der is no in nije wurkwize betocht foar it ferstjoeren fan de spesifikaasjes. Dizze wize wurdt op it stuit test: as it feilich blykt te wêzen, wurde der wer útkearingspesifikaasjes ferstjoerd fia de berjochteboks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)