Flater makke by eksamen

02 sep 2009 - 12:43
  • Lisa is hiel bliid mei har diploma

Lisa Dijkhoff fan Ljouwert hat wol it VWO-eksamen helle. Se miende dat se ek de twadde kear sakke wie, mar krige moandei te hearren dat se toch slagge is. De ferrassing wie grut doe't de direksje by har op de stoepe stie mei it goede nijs, ekskús en blommen. De skoalle, it Piter Jelles Montessori, hie in administrative flater makke.

De ynspeksje wiisde de skoalle dêrop. De skoalle hat regele dat Lisa fuort begjinne kin mei har stúdzje kommunikaasjewittenskippen yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)