Flater makke by Abe-kolleksje

25 jul 2003 - 00:00

By it ûntwerp fan de nije Abe-kleankolleksje fan SC Hearrenfean is in flater makke. Op de klean yn dy kolleksje stiet it jiertal 1921. It wie de bedoeling om it bertejier fan Abe Lenstra derop te setten, mar dat wie 1920.

De flater komt no pas oan it ljocht, wylst de kolleksje al klear is. De presintaasje op de iepen dei giet gewoan troch. Pas yn de nije kolleksjes sil it goede jiertal derop komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)