'Flater by kontrôle Us Heit'

12 nov 2007 - 16:57
  • der soe in flater makke wêze by it mjitten fan it alkoholpersintaazjes

By de kontrôle fan it bier fan Us Heit út Boalsert soe in flater makke wêze. Dat seit de brouwer. Neffens de Voedsel en Waren Autoriteit sit der mear alkohol yn it bier as dat op it etiket stiet. Dêr is ek in boete foar oplein.

De brouwer út Boalsert focht dat moandei by de rjochter oan. De rjochtbank hat noch gjin útspraak dien. Se wolle mear witte oer it foech fan de VWA oer bieranalyzes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)