Flatbewenners: fuort nei brân

27 jul 2009 - 12:21
  • Ferskate bewenners fan dizze flat wolle no fuort

Bewenners fan de Liaukemastrjitte yn Snits wolle ferhúzje. Dit wykein wie der brân yn de flat. In kontener yn it portyk is nei alle gedachten yn brân stútsen. Earder dit jier barde dat ek al in kear. En yn in oare flat in strjitte fierder wie ek in tal kearen brân. Foar dy brannen is in Snitser oanhâlden. Dy sit noch fêst en hat dus neat mei de lêste brân te krijen.

Accolade sil foar elkenien dy't har net mear feilich fielt yn de flat op syk gean nei in oar hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)