Flatbewenners Drachten: "bliid dat we sels noch libje!"

31 des 2015 - 10:21
  • De bewenners krigen ien ferhúsdoaze om guod yn te dwaan
  • De bewenners krigen ien ferhúsdoaze om guod yn te dwaan

De bewenners fan de flat oan Nachtegaalstrjitte yn Drachten mochten tongersdei foar it earst nei de eksploazje fan snein harren huzen yn. De bewenners fûnen it in emosjoneel momint. Se krigen fan wenningkorporaasje Accolade ien ferhúsdoaze dy't se fol dwaan mochten mei persoanlike guod. De measte bewenners namen foto's, klean en belangrike papieren mei.

Angeliena van Aalsum is ien fan harren, se koe der hast net fan sliepe. Weromsjend is der ien gedachte dy't de boppetoan fiert: "Bliid dat we noch libje, dat is it grutste geskink".

Sjoerd Veenstra mocht ek even yn syn flat, hy fynt it "apart dat je yn je eigen hús net sels mear beslisse kinne". Hy naam papieren, syn wurkklean en wat lytse persoanlike dingen mei.

It guod út de 12 ynstoarten apparteminten leit tusken it pún, de plysje sammelet alles yn doazen. Nije wike mei de bewenners tegearre mei minsken fan Accolade út dy doazen sykje wat fan harren is en dat se graach hâlde wolle. Neffens direkteur Rein Swart dogge se der alles oan om safolle mooglik persoanlike besittings werom te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)