Flatbewenners bot skrokken

15 mrt 2010 - 11:04

De bewenners fan de serviceflat Froonacker yn Frjentsjer binne bot skrokken fan de moard op de 69-jierrige Pytsje Bouma. Snein is har lichem fûn. Seksje moat útwize hoe't se krekt om it libben brocht is. Dat bart tiisdei, woansdei is de útslach.

Moandei wurde alle bewenners ynformearre oer de lêste stân fan saken. Se sitte mei in soad fragen oer de moard op har flatgenoate. De plysje docht moandei grutskalich buertûndersyk. It terrein is noch ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)