Flat Snits ûntromme fanwege gas

27 sep 2003 - 00:00

In flat oan de Molekrite yn Snits is freedtejûn ûntromme omdat ien fan de wenningen fol gas stie. De bewenner wie nei alle gedachten yn 'e war. Hy hie syn hûsrie op strjitte smiten en dêrnei it gas oanset.

Doe't plysje en brânwacht by it appartemint oankamen stie der safolle gas, dat de brânwacht advisearre om de hiele flat fan trije lagen mei elk acht wenten te ûntromjen. Nei in pear oeren koene de bewenners werom nei har hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)