Flat romme troch wettersieder

18 mrt 2013 - 13:48
  • Wettersieder

In wettersieder yn de Dunantflat yn Ljouwert hat der foar soarge dat al de minsken dy't der wurkje moandeitemoarn de flat ferlitte moasten. It giet ûnder oare om personiel fan sikehûs MCL. Trochdat der hieltyd stoom út de wettersieder kaam, gie it brânalaarm ôf. Der waard fuort aksje ûndernommen troch de flat oan de Borniastrjitte te ûntromjen. Doe't dúdlik wie dat it om de wettersierder gie, koe it personiel werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)