Flat oan de Nachtegaalstrjitte krijt ekstra bewaking

31 des 2015 - 12:37

It appartemintekompleks oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten wurdt yn de âldjiersnacht ekstra bewaakt. Sûnt de gaseksploazje is der al bewaking en der steane stekken om it gebou. Mar yn ferbân mei de jierwiksel wurdt der ekstra bewaking ynsetten. Der binne fannacht seis befeiligers.

Om't it appartemintekompleks yn it sintrum stiet is de ferwachting dat in soad Drachtsters nachts even komme te sjen. Rein Swart, direkteur fan wenningkorporaasje Accolade, ferwachtet lykwols dat minsken mei respekt omgean sille mei it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)