Flat Ljouwert ûntromme om gas

06 des 2011 - 21:44

Bewenners fan in appartemintekompleks oan de Valeriusstrjitte yn Ljouwert moasten tiisdeitejûn harren wenning út neidat in bewenster sein hie dat se de boel ûntploffe litte soe. De Valeriusstrjitte hat koarte tiid ôfsletten west foar alle ferkear.

De frou, mei psychyske problemen, hie famylje belle dat se de gaskraan iepen draaid hie. Ut foarsoarch waard it gebou dêrom ûntromme. Al gau waard dúdlik dat der gjin brângefaar wie en nei koarte tiid koene de bewenners werom nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)