'Flat Grou noch te heech'

02 mrt 2012 - 17:16

Omwenners fan in appartemintekompleks dat oan de Volmawei en Dimpte Haven yn Grou komme moat, binne ûntefreden oer de wizigings dy't troch de gemeente yn it plan oanbrocht binne. Fan 'e wike waard bekend dat it heechste punt fan it kompleks net op 14 meter lizze sil, mar twa meter leger.

Neffens de omwenners is dat noch altyd te heech yn ferhâlding ta de omlizzende bebouwing. Se fine fierders dat harren it sicht op de âlde haven noch hieltyd te bot fuortnaam wurdt. De omwenners sette dêrom de aksje tsjin it plan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)