Flat Frjentsjer fan de baan

18 mrt 2005 - 11:08

It plan om oan it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer in appartemintenflat te bouwen, is foarearst fan de baan. Dat waard tongersdei dúdlik yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel.

De ried fynt it gebou fan fjouwer ferdjippingen te heech en net pasje yn de omjouwing. De wenningboukorporaasje wol tolve apparteminten foar senioaren bouwe op it plak dêr't no noch de âlde lânbouskoalle stiet. De buert ferset him tsjin de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)