Flashmob tsjin sinleas geweld

07 apr 2013 - 08:53

Tusken de fyftich en de sechtich minsken ha sneon yn Snits meidien oan in flashmob tsjin sinleas geweld. De inisjatyfnimmers woene sa op in ludike wize protesteare tsjin it geweld, in pear wiken lyn op it stasjon-Noard yn Snits. Oant twa kear ta mishannelen twa famkes in pear minsken. De earste kear gie it om twa homoseksuele manlju, dy't fanwege har geaardheid it slachtoffer waarden. De twadde kear waarden twa jonge froulju sûnder oanlieding oanfallen. De flashmob tsjin sinleas geweld waard hâlden op it Feemerkterrein yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)