Flash Mob yn Ljouwert

30 aug 2003 - 00:00

Ljouwert is sneontemiddei opskrikt troch in saneamde Flash Mob. It wie de earste kear dat it út Amearika oerwaaide fenomeen yn Fryslân útfierd waard. In Flash Mob is in ûnferwachte, nuvere aksje fan in ploechje minsken. Sa'n 50 minsken dienen mei.

Fia ynternet waarden de Flash Mobbers oproppen om sneon nei de binnenstêd te kommen. De opdracht wie om nei it stasjon te gean en de treinen oerdreaun te bewûnderjen. De Flash Mob wie slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)