Flapbrêge Koatstertille stikken

05 mrt 2004 - 00:00

De flapbrêge by Koatstertille is wer fernield. In sjauffeur ried tongersdei mei syn trekker de opbou fan ien fan de twa brechjes oer de Twizelerfeart stikken. De hiele opbou kaam yn de feart telâne.

It is al de tredde kear yn in pear jier tiid dat de brechjes fernield binne troch ferkear. De reparaasje kostet mear as 30.000 euro. Mei in kraan is freed besocht de opbou út it wetter te krijen. Ferkear moast omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)