Flaggen populêr yn Dokkum

02 sep 2014 - 11:21
  • De flagge fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum

De nije flaggen dy't makke binne foar de Admiraliteitsdagen yn Dokkum binne tige populêr. De organisaasje fan it evenemint hat al 700 stiks ferkocht en is troch de foarried hinne. De flagge is dit jier yn gearwurking mei de Dokkumer Vlaggen Centrale makke om it evemint mear bekendheid te jaan.

De Admiraliteitsflaggen binne troch leden fan fuotbalferiening Be Quick hûs oan hûs ferkocht. De opbringst giet nei de klup, de Stichting Doen en de Admiraliteitsdagen. As de ynwenners fan Dokkum de flagge úthingje dan kinne se ek noch prizen winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)