Flaggen nei Súd-Afrika

19 jul 2010 - 10:18

De oerbleaune kampioensflaggen fan de Dokkumer Vlaggen Centrale geane nei Súd-Afrika. De flaggeprodusint krige tûzen reaksjes op de oprop wat te dwaan mei de 2500 kampioensflaggen dy't oerbleaun binne. De sintrale hat keazen foar it idee fan stichting LUMA, dy't earme bern yn Súd-Afrika helpt.

Mei de flaggen sille skoalterreinen opfleure wurde. Ek wurde der gerdinen makke foar in nije skoalle en krije 400 bern taskes makke fan de flaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)