Flaggen healstok foar Jesse

07 des 2006 - 13:55

By ferskate skoallen yn Fryslân hinget hjoed de flage healstok. Op dizze wize litte de skoallen sjen dat se meilibje mei de neibesteanden fan Jesse Dingemans.

De 8-jierrige jongen waard ferline wike freed op in basissskoalle yn Hoogerheide om it libben brocht. Fannemoarn is Jesse begroeven. Om hjirby stil te stean is de oprop dien oan skoallen om de flagge healstok te hingjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)