Flaggen healstôk om deaden

16 mrt 2012 - 09:47

Op it provinsjehûs en by alle Fryske gemeentehuzen hinget de flagge freed healstôk ta neitins oan de slachtoffers fan it busûngelok yn Switserlân, dêr't fan 'e wike 28 minsken by omkaam binne. De measten kamen út België, mar der binne ek seis Nederlânske bern by.

De Nederlânske oerheid hat de flagge-ynstruksje jûn om stil te stean by de slachtoffers en de neibesteanden. Yn België is it freed in dei fan nasjonale rou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)