Flagge Tibet omheech yn Grou

07 mrt 2008 - 10:41
  • De flagge fan Tibet sil moandei wapperje yn Grou

De gemeente Boarnsterhim lit no moandei tsien maart de flagge fan Tibet wapperje by it gemeentehûs. De gemeente docht dat út solidariteit mei Tibet. Dat lân waard yn 1950 binnenfallen troch Sina.

Op tsien maart 1959 kaam it folk massaal yn opstân tsjin Sina. Oant op't heden wurde de minskerjochten yn Tibet bot skeind. No't de Olympyske Spelen yn Sine binne, wurdt ekstra omtinken frege foar it lot fan Tibet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)