Flagge healstôk yn Havelte

14 jan 2008 - 17:32
  • De fersleinens ûnder de 2500 militairen is grut

De flage hinget sûnt snein healstôk op de Johannes Postkazerne yn Havelte. De fersleinens ûnder de 2500 militairen is grut neidat bekend waard dat harren kollega's Wesley Schol út Assen en Aldert Poortema út Drylts yn Uruzgan om it libben kommen binne.

Beide militairen wiene yndield by it 44-ste pantser-infanterybataljon dat yn Havelte legere is. De dea fan de twa kollega's is dan ek hurd oankommen yn Havelte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)