Flagge healstôk by fuotbalclub

13 maaie 2010 - 18:16
  • Tytsjerksteradiel

By de lêste wedstriden fan VV Hurdegaryp hinget de flagge healstôk en is der gjin muzyk te hearren. De spilers fan de fuotbalferiening spylje sneon mei in roubân om. Dit yn ferbân mei de dea fan in echtpear út Hurdegaryp by de fleantúchramp yn Libië.

It is noch net offisjeel dat der yndied in echtpear út Hurdegaryp by de ramp omkaam is. Dat wol it ministearje fan Bûtenlânske Saken noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)