Flagge healstôk by fleanbasis fanwege omkommen militêren

18 mrt 2015 - 10:48
  • Flagge healstôk op it Ministearje fan Definsje yn Den Haag
  • Yngong fleanbasis Ljouwert

Op de fleanbasis yn Ljouwert hinget woansdei de flagge healstôk fanwege de twa militêren dy't omkaam binne yn Maly. Harren helikopter stoarte tiisdei troch noch ûnbekende oarsaak del. It protokol skriuwt foar dat by soks by alle militêre gebouwen de flagge healstôk hingje moat.

Op ynternet binne kondoleânsjeregisters iepene foar de twa. Dêr hawwe al in soad minsken in reaksje op achterlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)