Flagge healstôk by brânwacht

05 aug 2014 - 12:58
  • Flagge healstôk by brânwachtkazerne yn Ljouwert

By brânwachtkazernes rûnom yn Fryslân hingje tiisdei de flaggen healstôk fanwege it ferstjerren fan in dûker. It giet om in lid fan in dûkteam yn Heerhugowaard. By in rêdingsaksje by it Noard-Hollânske Koedijk is er moandei nei alle gedachten net goed wurden.

Fanwege it ferstjerren fan de dûker hat de Feilichheidsregio Fryslân alle korpsen frege om de flagge by de kazernes healstôk te hingjen. Dat bart allinnich by kazernes der't minsken oanwêzich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)