Flagge foar medaljewinners

15 feb 2014 - 15:27
  • Reedrydflagge Sotsji 2014 makke yn Dokkum
  • By de Dokkumer flaggesintrale binne se grutsk op de Olympyske flagge

De Dokkumer Flaggesintrale makket spesjaal foar de Olympyske Spelen yn Sotsji in reedrydflagge. De Nederlânske reedriders helje op 't heden in soad medaljes yn Ruslân. Dêrom is Radio 2 mei in aksje kaam om in spesjale flagge te meitsjen foar de topsporters. De flagge wurdt yn Dokkum makke.

Yn it ûntwerp binne ûnder oare de Nederlânske kleuren read-wyt-blau en oranje te sjen en fierders is der in gouden reed ôfbylde. De reedrydflagge is fan dit wykein ôf te bestellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)