Flagge fan Sanne is drukt

09 des 2003 - 00:00

Sanne van Duren (11) út Boxtel hat it winnende ûntwerp makke foar de flagge foar prinses Amalia. Har tekening waard tiisdei by de Dokkumer flaggesintrale op katoen drukt. Sa'n tûzen eksimplaren kamen fan de parse.

De flagge hat de Nederlânske en Argentynske kleuren en in earrebarre mei in kroantsje yn de midden. It ûntwerp wie de moaiste fan in lanlike wedstriid. Sanne krige yn Dokkum de earste berteflagge útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)